UPDATE Campus Damwâld
17/07/2018, 10:10
Gisteravond gaf in de gemeenteraad van Dantumadiel Sociaal Links haar instemming met het aangaan van een lening voor de bouw van de Campus Damwâld:
Oangeande it riedsfoarstel foar de maatskiplike finansiering fan de Campus Damwâld
Om te begjinnen is de fraksje fan Sociaal Links tige optein oer de tariedings om te kommen tot in Campus yn Damwâld, der’t it ûnderwiis, de sport en de berneopvang yn plak fine sil. Sawol foar de twa PC-skoallen (KBS De Bron en KBS De Fontein) as ek foar it iepenbier ûnderwiis fan de JJ Botkeskoalle sil de Campus Damwâld nije kânsen en nije mooglikheden biede. Ek de sportferienings en de berneopvang binnen ta oan in nije en folweardige akkomodaasje.
De fraksje fan Sociaal Links is der tige oer te sprekken dat by de oanbesteding fan it projekt keazen is foar in energy-neutraal gebou.
Ek de ambysjes op it mêd fan sirkulair bouwen juicht us fraksje van herte ta.
No’t der statuten binne, en wurke wurdt oan it gearstallen fan bestjoer en gebrûkerried is it tiid dat de gemeente it stiftingsbesjoer de finansiele middels jout.
Dus freget it kollege oan de ried harren te machtigjen “onherroepelijk en onvoorwaardelijk” borg te stean foar it neikommen fan ‘e finansiele ferplichtings foar it beteljen van 12 miljoen euro, de “Stichtingskosten” fan de Campus Damwâld.
Hawar, der binne dochs noch in pear tûkelteammen:
1. As yn de inkelde minuten op 1 augustus dat it rente-oanbod fan BNG of NWB jildt docht bliken dat de rente heger is as 2.4% dan giet it hiele ferhaal net troch, en moat oppenij besocht wurden finansiering te finen.
2. As docht bliken dat de liening fan 12 miljoen te LEECH is (en dat -troch wat foar omstannigheden dan ek- de bousom heger blykt út te fallen) dan moat de gemeente (om foar te kommen dat de stifting failliet rekket) op’e nij ta de bûse.
En de fraksje fan Sociaal Links skat de kâns dat de boukosten heger wurde as begrut heech yn.
Ut ûndersyk fan de ôfdeling boukunde fan de TU yn Delft docht bliken dat de werklike kosten by in traditionele oanbesteding foar de bou fan in Brede Skoalle landelik oer it algemien sa’n 10 % of mear heger útfalt.
Wy hoopje en fertrouwe derop, dat it kolleezje en dat de oannimmer harren fûleindige bêst dwaan sille de boukosten fan de Campus Damwâld net út de hân rinne te litten.
Bron: http://www.bouwstenenvoorsociaal.nl/fileswijkplaats/P5_M.A.Swart_25oktober_2009.pdf
Mei it ynstemmen mei dit foarstel wol de fraksje fan Sociaal Links har betrouwen dan ek yn dit kolleezje en dizze oannimmer útsprekke.
Sa is’t en net oars, want as’t oars wie, wie’t net sa
UPDATE: Na het indienen van enkele zienswijzen (door omwonenden en door de provincie) over verkeer, geluid en ecologie, en het laten uitvoeren van uitvoerig akoestisch en ecologisch onderzoek, is de raad van Dantumadiel gister akkoord gegaan met het gewijzigde Ontwerp Bestemmingsplan:
De fraksje fan Sociaal Links is tige te sprekken oer it Ontwerp Bestemmingsplan Campus Damwâld
De feroaringen oanbrocht nei oanlieding fan de ynbrochte sjoenwizen en it deroan koppele akoestysk en ekologysk ûndersyk sille der mei foar soargje dat u.o. it basisûnderwiis yn Damwâld ree is foar de útdagings fan no en fan’e takomst.
Us fraksje sil fan herte ynstemme mei dit Ontwerp Bestemmingsplan Campus Damwâld
voor meer info: volg de Facebook van Campus Damwâld:
https://www.facebook.com/campusdamwald/