Samenwerkende partijen:
en sympathisanten van:

Fryske wike

01/03/2024, 15:37

NL: De afgelopen raadsvergadering heeft Sociaal Links een motie ingediend waarmee de fractie vroeg om Friese les voor (nieuwe) werknemers van de gemeente. Vooral zij die kontakt hebben met inwoners zoude (op zijn minst) de Friese taal passief moeten beheersen. De motie is met algemene stemmen aangenomen.

FR: De ôfrûne riedsgearkomste hat de fraksje fan Sociaal Links in mouse yntsjinne wermei ’t de friaksje frege om Frysle les foar (nije) wurknimmers fan de gemeente. Foaral sy di’t contact hauwen mei yqwenners sels moatte eins (op syn minst) de Fryske taal passief behearskje kinne. De moasje is mei algemiene stemmen oannaam.

Daarnaast heeft een deel van de fractie (Johan en Auke) meegedaan aan het Frysk Dictee in Buitenpost. Zij vielen echter (net) buiten de prijzen. De winnaar Folkje Koster had slechts 6 fouten.
Dit was het dictee:

Tsjoen fan de Wâlden

1. Och, de Wâlden, plak fan smûkskaadzjend beamtegrien, fan opljeppene manlju en
fûleindige froulju dy’t klompfuotsjend mei harren skerjontsjes oer de buorren
dangelje.

2. Binne der moaiere maaiemoarnen as dy yn de Wâlden? As by sinne-opgong de
grûnmist oplûkt? Daudrippen glinsterje, apelblossem bloeit yn it hôf, jonggriene
tinten kleurje de wâlen en hôfdowen koerje dat it sawat docht.

3. Tink ek oan de sweltsjes dy’t tsjetterje en kwetterje. Foar it nêst sykje se slyk by in
wetterplak. Sûnder kantroeren fleane se troch in stikken rút de feilige romte yn
fan pleats of fabryk.

4. Hiel aardich, dy romantyk, mar stie de Wâlden eartiids ek net stiif fan it byleauwe?
De omkriten tilden ommers op fan wûnderdokters en bûterbelêzers. Rûnom seagen
de lju tekens en foartsjirmerij. Troch in moassich en bewalme finster skôgen se dat
oare, dat der altyd wie en dêr’t se min hichte fan krije koene.

5. Bewalme finsters besteane net mear, mar lit ús guon bjustere saken nochris oereidzje.
De wâldpyk of heidehipper observearre de sêfte skieppepânske wolkeloft, de swide
ikebeam, de like magyske flearebeam, de linebeam as tongerlieder en de rynske
wetterwelle.

6. De grouwe stien ûntkaam de pyk en hipper ek net, likemin as it gielfinkje foar it glês,
it pykjebrea op ’e finger of de genêsblêden yn ’e wâlskant.

7. Dochs seach er ek fergiftich of raar gewaaks, sa as slange- en njirrekrûdfearen,
hûnebeishout, blynpûsters en libben guod as gerskrûpers, hazzewjirms dy’t fergif
heech opspuiten, stienkrobben en ielpipers.

8. Moatte wy it noch hawwe oer tonger en wjerljocht, oer in rêd om ’e sinne, oer it
byljen fan in hûn, oer deaklopperkes yn it âlde bêdssket en net te ferjitten de wite
wiven en oare spûkige stallen, faak mei healwize ôfbaljende troanjes?

9. Oare tiden, sille wy mar sizze. Tsjoen en boppenatuerlike ferskynsels binne ferdwûn
yn de dize fan ’e tiid. Yn stee dêrfan is der hjoed-de-dei it ynternet en artifisjele
yntelliginsje. Ien ding bliuwt lykwols itselde: it klompkjen fan heidehipper en wâldpyk
oer de dyk.

It diktee is skreaun troch Willem Schoorstra.
Johan en Auke hawwe de útslach fan harren fûleindig wrotten noch net krigen ;-}

Vorig bericht
Volgend bericht