Groen, groener, groenst
02/11/2021, 13:25
Gisteren behandeld in de raadsvergadering: de beheers- en beleidsplannen Groen, Water en Kunstwerken
Auke was woordvoerder:
Foar ús lizze de Behears- en beliedsplannen Grien, Wetterwerken en Keunstwurken
hoewol dizze plannen gjin ûnderhâldsbestek befetsje en bynamme oer jild prate wol de fraksje fan Sociaal Links hjir wol graach wat oer fine en hat in oantal fragen oan de portefeuillehâlder
n.o.f. it Belieds- en behearsplan Grien:
Sociaal Links hat altyd oantrúnd op ekologysk en ekstensyf bermbehear. Dat fine wy yn dit belied- en behearsplan net werom.
Mar hawar, der is noch hoop: yn de 2eTurap lêze wy: voor het ecologisch bermonderhoud is al wel een plan gemaakt wat in 2021 naar een onderhoudsbestek wordt vertaald (blz 50)
In oantal fragen foar de Wethâlder:
Fraach 1 Hoe liket it mei de útfiering fan “biodivers” behear fan de likernoch 1,3 miljoen m2 bermen (der binne nammentlik wol mondlinge tasizzings, mar der stiet neat oer yn dit plan)
Antwurd 1 De plannen dy’t no foarlizze, dat giet foaral deroer dat der in oanslúting makke wurdt tusken het behear en underhâld en de ferfanging fan die kapitaalgoederen yn de begrutting, dus om derfoar te soargjen dat wy de juste middels dy’t wy yn de takomst noadich ha foar ferfanging en ûnderhâld dat wy dat begrutte ha. Hjiryn wurde dus einliks net sa’n soad beliedskeuzes makke en dat is de reden werom dat der einliks net in hiel soad oandacht is foar it biodivers behear, want dat sit foaral yn ús útfieringsbestekken en de oare plannen dy’t wy ha.
Dermei hoopje ik dy earste fraach beantwurde te hawwen.
Reaksje 1 Faach antwurdt … yn in BELIEDSPAN ferwachtsje wy BELIED
Fraach 2 de begrutting bliuwt oer jierren gelyk. Liedt in biodivers belied, cq ekstensyf meane tot minder kosten of mear?
Antwurd 2 Ik leau einliks dat ik op basis fan de foarôfgeande fraach der ek al antwurdt op jûn ha, de middels dy’t hjirfoar reserveart wurde yn it kapitaalgoederenbehear, dy binne dus foar it ynstânhâlden fan it huidige areaal.
Reaksje 2 Sjoch de reaksje op antwurd 1
Fraach 3 foar 2023 stiet “sanering en vervangen toplaag” van het keunstgérsfjild yn de Westereen yn de planning. Wurdt der -lykas tasein is n.o.f in moasje fan Sociaal Links- sjoen nei alternativen foar it miljeubelestende rubbergranulaat?
Antwurd 3 Der is inderdaad wol ûndersyk nei dien en der wurdt ek nei alternativen sjoen. De middels dy’t no opnaam binne yn de raming, yn de begrutting dy gean oer in ien-op-ien ferfanging en op it moment dat in alternatyf realiseard wurde moat dan heart der ek in oar kostenplaatje by
Reaksje 3 Op’e nij faach, mar wy hâlde de finger oan ‘e pols. It is dúdlik dat by in alternatyf in oar kostenplaatsje heart, en dit sil net ienfâldich te begrutsje wêze.
Wat wy ek misse: de bestriding fan infasive planten-eksoaten als Reuzenberenklauw en Japanse duizendknoop.
Fraach 4 Is der -ek fanút de provinsje- al dúdlikheid oer it belied yn dizze?
Antwurd 4 De dúdlikheid fanút de provinsje oer infasive planten-eksoaten as Reuzenberenklauw dat giet noch net sa hurd. Der leit noch net in konkreet belied op tafel om de foldwaande tsjin te dwaan, Dus der wachtsje wy ek op en ik wol wol sizze dat wy der op oan trúne om der wat faasje mei te meitsjen.
Reaksje 4 De provinsje doch mei mei faach gepraat, der kin ús gemeente neat oan dwaan. Wy ha ferlet fan aksje en net fan it “stinne oer konkreet belied”
Fraach 5 kin de portefeuillehâlder wat sizze oer bewennersfragen en -initiatieven, individueel of kollektief, om bijv stikjes gemeentegrún of bermen oars te beheren? Hoe wurdt dermei omgean?
Antwurd 5 Yn earste ynstansje jild de regel “ja, tenzij …” op it momint dat de bewenners of kollektiven fan bewenners nei ús takomme mei in ynitatyf foar de ferbettering fan de biodiversiteit yn sa’n buert dan gean wy alwat dwaan om dy ynitiativen ek te ondersteunen. En soms bin dat hiele lytse en soms bin dat wat gruttere. Op dit momint rinne ek wat lytse dingen foaral yn de Westereen is in boarterstún iepene en der wol men noch wat oan de biodiversiteit dwaan. Dy kriget alle steun fan ús as gemeente. Sawol ambtelik as besjoerlik.
Reaksje 5 Dúdlik, tank foar uit foarbyld
n.o.f. it Belieds- en behearsplan Wetter
It docht de fraksje fan Sociaal Links deugd te lêzen dat oer de bestriding fan de infasieve wetterplanten-eksoaten oerliz fierd wurdt mei it Wetterskip. Us fraksje trúnt dan ek oan op resultaten fan dizze petearen oer it hawwen en nimme fan ferantwurdelikens en it bidragen oan de kosten yn dizze.
Fraach 6 Wurdt der by bepaling fan de wetterdjipte (by hekkeljen of baggerjen bygelyks) ek rekken hâlden met ekologyske wearden? Bygelyks troch it minder djip meitsjen op guon plakken?
Antwurd 6 Ja, dat wurdt seker dien, wy hâlde mei it baggerwurk en al it oare wurk oan de fearten hâlde wy rekken met de Flora- en Faunawet. Dat mei ek fan ús ferwachte wurde dat wy dat dogge. En dat betekent dat wy fantevoren ek ûndersiken dogge fan wat dêr oan soarten is en dat soart saken. Wy hâlde ús oan de perioades weryn wy wol en net wurkje meie, mar úteinlik giet it derom dat in feart dy’t hekkele wurdt, of dy’t oars ûnderhâlden wurdt, dernei wol wer docht wer’t er foar makke is. Dat is it earste útgongspunt.
Reaksje 6 Dat is net wat wy om ús hinne sjogge. It is moai dat der perioades binnen der’t net yn wurke wurde mei (en dat der sa rekken hâlden wurdt mei de Flora en Faunawet), en ek bliuwt nei it hekkeljen it gers en reit lizzen, dochs wurdt der troch de grutte “hekkeltrekkers” noch wolris bot roech mei de sleatten en fearten omgean. Wylst just út ús gemeente (Living Lab) foarlichting jûn is oer “foarsichtich hekkeljen”.
n.o.f. It belied- en beheers-plan keunstwurken
De konklúsje fan it plan is:
De huidige begroting is niet toereikend om de geplande maatregelen uit te voeren. Dit zal op korte termijn leiden tot het oplopen van achterstanden, mogelijke functieverlies en een verhoogde kans op onveilige situaties. Daarom is het belangrijk te blijven inspecteren en de planning en begroting jaarlijks te prioriteren op de meest urgente locaties.
Fraach 7: Mei alinne ynspekteren feroaret der fansels neat oan takomstige ûnfeilige sitewaasjes. Kin de Wethâlder dizze ried gerêststelle?
Antwurd 7 Dat is hiel terjocht en ek de reden werom wy fan jo as ried freegje om yn de begrutting de noadige middels mei te nimmen foar behear en ûnderhâld, ynspeksje en ferfanging fan de keunstwurken. Want wy sjogge gewoan dat in oantal keunstwurken (en dan ha wy it net oar in skilderij of in oar artistyk keunstwurk) mar oer in brêge, in dûker of in walbeskoeing, as dy oan ferfanging tabinne dan gripe wy yn. Sa ha wy foar dit jier, foar oare jier en it jier derop de brêge oer de Trekfeart op de planning stean, noch in pear brêgen yn it Bûtefjild by Feanwâlden ha wy yn de begrutting stean en foar safier wy wite wat der oan de hân is (wy kinne net ûnder de grûn sjen) mar wy soargje derfoar dat ien en oar feilich yn stân hâlden wurdt.
Reaksje 7 Dat is hiel oars dan wat de konklusje fan dit belieds- en behearsplan is:
De huidige begroting is niet toereikend om de geplande maatregelen uit te voeren. Dit zal op korte termijn leiden tot het oplopen van achterstanden, mogelijke functieverlies en een verhoogde kans op onveilige situaties.